Boubedriuw van den Bosch – Fan 1933 oant no
1933
Nei har houlik yn maart, hawwe Marten van den Bosch en Fokje van den Bosch Ploegstra har ta wenjen set yn Longerhouw, in doarpke tichtby Boalsert. Hja hierden dêr in timmerbedriuw dat eigendom wie fan de Herfoarme tsjerke. It gong goed mei it wurk, der kaam al gau in timmerfeint by en letter noch ien.
1939
Mei de mobilisaasje yn septimber 1939 waard van den Bosch oproppen foar de militêre tsjinst. Doe is Willem van der Schaaf, in sweager fan van den Bosch tydlik baas wurden en hat it bedriuw oernommen.
De famylje van den Bosch de oarlochsjierren trochbrocht yn it doarp Nijlân.Van den Bosch hat doe earst feint west by de timmerman yn Folsgeare, mar hy woe dochs graach foar himsels wurkje. Sadwaande is van den Bosch as meubelmakker yn Nijlân begongen. Hy makke meubels út âlde kammenetten. Dat naam sa ’n flecht dat hy it nei ferrin fan tiid allinne net mear oan koe. Syn earste feint fan Longerhouw is doe wer by him yn tsjinst kommen.
Nettsjinsteande de oarloch hat de tiid yn Nijlân hiel goed west.
1946
Nei de oarloch woene van den Bosch en syn frou dochs graach wer in eigen timmerbedriuw hawwe. De kar foel op in bedriuw yn Gau, dat hja earst hiere koene.
Yn maaie binne hja ferhûze. It wie in alhiel ferrûne saak. De earste jierren wie it dan ek hurd wurkjen, mar it gong goed mei stadichoan mear groei.
1949
Van den Bosch is ta keapjen oergongen. Beide soannen, Gabe en Otte, kamen letter ek yn it bedriuw. Yn de jierren 1965 – 1966 waard yn Gau in nije wurkpleats mei in wenhûs boud. Otte hat him dêr mei syn frou Betty ta wenjen set.
1967
Van den Bosch hat it bedriuw oerdien oan syn soannen. Hy hat oant 1972 ta meiwurke, mar him doe weromlutsen. De wurkpleats is fergrutte en der kaam noch in loads by.
1995
De âldste soan Gabe hat him, op 60 jierrige leeftyd, weromlutsen. Otte is allinne fierder gongen oant 2002.
2002
Otte van den Bosch hat it bedriuw oerdien oan Peter Spek, dy’t al sûnt meardere jierren Otte syn rjochter hân wie.





